Pinkster, doop en heropeningsdienst 25 mei 2026
Liet 1005: 1 (aangepast), 4, 5 Langjend nei ljocht
Langjend nei ljocht, stean wy yn ’t tsjuster.
Langjend nei suv’rens, sykje wy Jo.
Lit ús jo eigen, hillich folk wêze,
ljocht dat de wrâld beskynt.
Hear wêz ús ljocht.
Skyn yn ús hert, brek troch it tsjuster.
Hear, wêz ús ljocht.
Skyn yn ús tsjerke ús Godshûs.
4. Langjend nei skûlplak, safolle dakleas
Langjend nei waarmte, safolle kâld.
Meitsje fan ús. Libbene stienen
In thús foar elkenien.
Kristus, ús ljocht,
skyn yn ús hert, brek troch it tsjuster.
Kristus, ús ljocht,
skyn yn Gods bern, hjir yn jo hûs!
5. Safolle jeften, safolle minsken
Safolle herten dogge graach mei
Meitsje elk fan ús tsjinstber oan oaren
Sa komt jo keninkryk.
Kristus, ús ljocht,
skyn yn ús hert, brek troch it tsjuster.
Kristus, ús ljocht,
skyn yn Gods bern, hjir yn jo hûs!