protestantse gemeente
Rinsumageast / Sibrandahûs

Uit onze agenda's

zondag

25

oktober

25 oktober zondagmiddag-muziekuur 15:00 uur ‘Op wei nei thús’, duoband Gosse en Riemke
Aanvang: 15.00 uur

zondag

25

oktober

Kerkdienst - in Alexanderkerk
Aanvang: 10.00

zondag

01

november

Kerkdienst - in Alexanderkerk
Aanvang: 09.30

woensdag

04

november

Lichtjesavond vanaf 17.00 tot 19.00 uur
Aanvang: 17:00 tot 19.00

woensdag

04

november

Avonddienst - Dankdag voor gewas en arbeid in Alexanderkerk
Aanvang: 19.30

uit ons kerkblad “Underweis”

             Op it hôf

Skreau ik yn in earder nûmer oer de stien fan Elzinga en syn frou, dat it net faak foarkomt dat in berop op de grêfstien fermeld wurdt, sa kaam ik efkes letter dochs noch ien tsjin.

Krekt achter it koar fan ‘e Alexandertsjerke stiet der in stien fan in sekere Gerrit Stulp, mei dêrop “gepensioneerd kantoorhouder P.T.T. ” De neibesteanden moatte soks wichtich fûn ha, want de beide froulju, dêr’t er mei troud west hat, wienen al earder ferstoarn.

Gerrit Stulp kaam fan Grijpskerk, hoechde net yn tsjinst om’t er frijstelling hie fanwege broedertsjinst, hat efkes yn Bûtenpost wenne, dêrnei in goed jier yn Berltsum en yn july 1901 kaam hy nei De Geast. Yn 1902 troude hy mei Berber de Haan, dy’t er yn Berltsum kennen leard hie.
Berber kaam al ridlik gau te ferstjerren, want yn de argiven is te finen dat Gerrit yn 1910 troude mei Maria Sikma fan Oentsjerk.

It hûs, dêr’t Stulp yn wenne en wêr’t it postkantoar yn siet, is der net mear. It hat plak makke foar de trochbraak oer de Piip hinne, wat no de Baron van Sytzamawei is.

Der wie mar ien bern: soan Jan kaam yn 1903 op ‘e wrâld en hy wie de heit fan de letter goed ferneamde Gerrit Stulp, de musicus, componist en dirigint. Wy ha mei it koar de Lofstem ek wol wurk fan him songen. Dizze trije mannen lizze kreas njonken inoar op it hôf, mei stiennen dy’t wakker op inoar lykje.

RvW