--

OAN IT WURK BY DE TSJERKE.

Us hjoeddeistige koster, Durkje van Minnen, kin yn de rin fan kommende novimber
mei pensjoen. Wy gunne har dat och sa, mar kinne as tsjerke net sûnder in koster.
Dêrom binne wy as Kolleezje fan Tsjerkerintmasters op syk nei in man / frou, dy’t
lid is fan ‘e tsjerke en it wurk fan Durkje wol oernimme wol.
It giet om in betelle baan foar 14 oeren yn ‘e wike.

Wat moat dêr foar dien wurde?
Yn it foarste plak giet it om it gasthear / gastfrou wêzen yn de tsjerketsjinsten, dat sil meast op snein wêze, mar it jildt ek foar rou- en troutsjinsten. It tsjerkegebou moat ek skjinhâlden wurde. En der komme ek wolris minsken mei de fraach oft se de tsjerke besjen meie. Mocht dat útkomme, dan ek dat graach dwaan.
Dêrneist is der it wurk yn MFC de Beijer. De tsjerkesealen moatte klearsetten wurde foar de ferskate gearkomsten en neitiid wer opromme. Ek de oare romten moatte skjinhâlden wurde. En in tal kear yn it jier is der in tsjerketsjinst yn de sportseal. Ek dan moat dêr it wurk as koster dien wurde.
Wy betelje neffens de CAO, sa’t dy jildt by de PKN.

Tinke jo / tinksto nei dit lêzen: dat liket my wol wat of`hjir wol ik mear fan witte, dan stean wy jo/ dy graach te wurd. Minsken, dy’t gading meitsje wolle nei dizze funksje of oare fragen ha, kinne kontakt sykje mei de foarsitter fan it Kolleezje Jitze Kerkstra, D. K. Boersmastrjitte 23, till. 423879 of email: jb.kerkstra@knid.nl.

 

Ga terug naar de vorige pagina