--

Startjûn jeugdwurk Rinsumageast 2021

Freedtejoun 24 septimber hienen we de start fan it jeugdwurk mei in SPEKTAKELTOCHT troch it doarp.
En it wie in spektakel!! It wie foar alle jeugd fanôf groep 7 oant en mei de 18+. En de opkomst wie gewéldig.
Der wienen allegearre spultsjes troch it hele doarp wer’t de ferskate groepen , mei hun begelieding, bylâns moasten. Spikerbroekhingje, stoarmbaan, rinski’s, rupsbaan, krùsbôge sjitten, goaltsjeskoppe en reuzeskippybal race.
It wie fantastisch!! Dêr wienen Oeral punten mei te fertsjinjen mar ik lieuw dat de bêrn dat net iens sa wichtig founen.
By ùs groep, groep 7, yn elts gefal net. Se hienen de grutste wille mei elkoar.
Doe’t we klear wienen mei alle spultsjes, it wie yntiids al tsjuster, koenen we noch in lekker broadsje hamburger fan e bbq krije mei wat drinken.
Ek ûnderweis la•igen we wat drinken mei wat lekkers ùt de bakfyts!
Ik kin wol sizze dat it in machtig moaie en slagge joun wie!!
We hope dat it hele kommende winterseizoen ek sa goed en gesellich mei elkoar ferrinne mei.

Ga terug naar de vorige pagina